Pake Sytse is nei
Feroaring fan lucht de
populêrste roman fan Rink van der Velde. It is de bjusterbaarlike
histoarje fan Sytse Cavalier dy't as jongkeardel samar ferdwûn.
It ferhaal wurdt ferteld troch syn pakesizzer Jehannes.
'Pake wie jong weirekke, sa waard ús letter oansein. De rike
Fryske taal stelde ús heit en mem yn steat om de wierheid achter
te hâlden sûnder dat men it ligen neame koe.'
Fjirtich jier letter is pake Sytse ynienen werom. Hy set him nei wenjen
yn in âld wenskip yn it romme fjild fan De Deelen, tusken De
Tynje en Aldeboarn. Dêr is er begûn en dêr wol er de
ein besile. Dat soks hjoed de dei net mear kin, wol him mar min oan. As
er foar it ferstân krijt dat er de slach ferlieze moat, docht er
syn dingen.
Tekst in Frysk
Velde, Rink van der, Pake Sytse Prijs Euro 18.50
|
Bij u in huis op: donderdag Betaal vóór: 18:25
|
| Andere titels binnen de rubriek: |
| Pockets algemeen
|